Eksportferbod op gemeentenivo

06 aug 2013 - 20:05
  • By dizze plomfeehâlderij rinne de hinnen ek bûtendoar

In eksportferbod fan Fryske piken en aaien fanwege de fûgelgryp yn Tsjom moat net foar hiel Fryslân jilde. It moat allinnich jilde foar de gemeente Frjentsjerteradiel. Dat foarstel hat it Nederlânske ministearje fan ekonomyske saken tiisdei nei de Russyske autoriteiten stjoerd.

As Ruslân it foarstel akseptearret krijt Frjentsjerteradiel de primeur fan in gemeentlik eksportferbod fan pikefleis en aaien. Foar de plomfeesektor bûten Frjentsjerteradiel soe dat goed nijs wêze. Ruslân ymportearret ûngefear 30% fan de Nederlânske hinnen en aaien.

De ferwachting is dat Ruslân op syn lêst oer tsien dagen in beslút nimt yn dizze saak. Oant dy tiid giet de eksport fan piken en aaien nei de Russyske federaasje gewoan troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)