Undersyk sûnensklachten begûn

De Krûdebuert op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Ilse Hermanides
De GGD Fryslân is begûn mei in ûndersyk yn tritich hûzen yn de Krûdebuert op It Hearrenfean. Oanlieding binne klachten fan bewenners oer harren sûnens. Dy klachten ûntstiene neffens de bewenners neidat de hûzen ein 2011 en begjin 2012 better isolearre wiene. Yn opdracht fan wenningkorporaasje WoonFriesland wurdt no útsocht oft de klachten ferbân hâlde mei dat isolaasjewurk.
In spesjalistysk ûndersyksburo ynspektearret de hûzen. De GGD praat mei de bewenners en hâldt ynrinsprekoeren.
Ein augustus of begjin septimber moat dúdlik wêze oft der in relaasje is tusken de sûnensklachten en it isolaasjewurk.