Pink út jarrekelder befrijd

06 aug 2013 - 15:26
  • Pink rêden út jarrekelder

In pink is tiisdeitemoarn troch de brânwacht út in jarrekelder helle by in boer yn Boerum. It bist wie troch de tonger fan moandeitenacht yn panyk út de stâl losbrutsen en yn de put bedarre. Dy stie iepen om't de boer op dat stuit in pomp oan it ynstallearjen wie.

De boer hearde it bist moarns betiid ûnder it grûnroaster balten. De pink koe mei in heupklem en in trekker út de kelder weitakele wurde troch de brânwacht.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)