'Materiële skea falt ta'

06 aug 2013 - 14:31

De materiële skea troch it needwaar fan moandeitejûn yn it Noarden falt ta. De kosten bliuwe nei alle gedachten ûnder de miljoen euro. Dat docht bliken út in earste ynskatting fan it Verbond van Verzekeraars. Neffens it bûn falt it ta mei de kosten om't it om in frij tinbefolke gebiet giet.

Troch de hurde wyn en de tongerbuien waaiden tinten, caravans en beammen om. Op in camping yn Lippenhuzen kaam in famke fan 7 jier om it libben. It bûn hie leaver mear materiële skea hân en gjin deadlik slachtoffer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)