Hongkong bant Frysk hinnefleis

Hongkong hâldt fuortendaliks op mei de ymport fan hinnen en aaien út Fryslân. Dat hawwe de autoriteiten fan Hongkong tiisdei bekend makke. De beslissing is naam nei oanlieding fan fûgelgryp op in plomfeebedriuw yn Tsjom.
De ymport fan hinnen en aaien út Zeewolde en de provinsje Utrecht waard earder dit jier om deselde reden ferbean troch Hongkong. De Sineeske stêd ymportearre yn de earste moannen fan dit jier sawar tsientûzen ton ynferzen hinnefleis en 2,4 miljoen aaien út Nederlân.
Oft Ruslân ek in ymportferbod ynstelle sil foar hinnen en aaien út Fryslân is ôfwachtsjen. It ministearje fan ekonomyske saken hat Ruslân foarsteld om it ymportferbod te beheinen ta de gemeente Frjentsjerteradiel, omdat it besmette bedriuw yn dy gemeente leit. As Ruslân dêrmei ynstimt kinne alle hinnebedriuwen yn Fryslân bûten Frjentsterteradiel wol trochgean mei de eksport nei Ruslân. De Russen tinke noch nei oer it foarstel fan ekonomyske saken. De Russyske Federaasje is in bysûnder wichtige merk foar de plomfeesektor. As Ruslân de grinzen slút kin dat de plomfeesektor miljoenen kostje.