Marzo op proef by Hearrenfean

Stefano Marzo
Stefano Marzo is op proef by Sportklup Hearrenfean. Marzo is 22 jier en in rjochtsback. It ôfrûne jier spile er foar Beerschot. Mei dy klup degradearre er. Omdat Beerschot no fallyt is, is de ferdigener transferfrij.
Marzo traint op 't heden mei by de seleksje fan Jong Hearrenfean. De Belch docht yn alle gefallen oant tongersdei mei. Dêrnei wurdt in beslút naam oer de ferdigener.