Motorcrosser falt yn Jobbegea

06 aug 2013 - 11:34

In 18-jierrige motorcrosser út Noardwyk yn Grinslân is moandeitemiddei yn Jobbegea swier ferwûne rekke by in mislearre sprong. De man wie yn in stik lân oan it crossen en besocht op in skâns in sprong te meitsjen. Dat mislearre, om't er de macht oer it stjoer ferlear.

It slachtoffer bruts by syn fal ferskate bonken. Hy is nei it sikehûs yn Drachten brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)