Klûs stellen yn Stiens
Yn in bedriuw oan de Truerderdyk yn Stiens is yn de nacht fan moandei op tiisdei ynbrutsen. De dieven hawwe in klûs mei ûnbekende ynhâld meinaam. Om deryn te kommen fernielden se in doar. De 55-jierrige bedriuwliedster hat oanjefte dien.