Brânkranen fêstruske

It CDA yn Achtkarspelen wol witte wa't ferantwurdelik is foar it ûnderhâld fan de brânkranen yn de gemeente. Dat is nei oanlieding fan in brân, in pear wike lyn op de Harkema. De brânwacht hie de grutste muoite om oan bluswetter te kommen om't it deksel fan de brânkraan fêstruske wie. It CDA neamt dit "ûnwinsklik en ûnfeilich", en wol witte hoe't sokke problemen tenei foarkaam wurde kinne.