Soad falske starts Snitswike

06 aug 2013 - 10:24

De tredde dei fan de Snitswike hie moandei in soad lêst fan de ûnfoarspelbere wyn. Neffens de organisaasje wiene der in opfallend soad falske starts. Mooglik hie dat mei de wyn te meitsjen. Yn de rin fan de middei helle de wyn noch wol wat oan. Doe koe der better syld wurde.

Op de tredde dei is vice-foarsitter Dijkstra fan de wettersportferiening fan Snits yn it sintsje set troch it Dicky van der Werf Fonds. Dijkstra krige in skilderij útrikt fan De Sneker Pan, it skûtsje fan Snits. It doek komt te hingjen yn it fernijde wedstriidsintrum.

It Dicky van der Werf Fonds makket sûnt 1993 elts jier op de slotdei fan it SKS-skûtsjesilen gebrûk fan it wedstriidsintrum fan de Keninklike Wettersportferiening Snits. De Snitswike wurdt dit jier foar de 78ste kear hâlden.

Trefwurden: 
Snits silen Snitswike
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)