Poldervaart yn sjuery Bocuse

Bocuse d'Or yn in eardere fersy © Omrop Fryslân
Masterkok Marco Poldervaart fan restaurant it Havenmantsje yn Harns sit dit jier yn de sjuery fan de Nederlânske finale fan de Bocuse d'Or. Dat is sis mar it WK foar sjefkoks. De Nederlânske finale is dit jier yn Vianen. De winner mei Nederlân fertsjintwurdigje by de Bocuse d'Or-wedstriid, maaie takom jier yn Stockholm yn Sweden. De wrâldfinale is yn jannewaris 2015 yn Lyon yn Frankryk.
Poldervaart sit yn de sjuery om de wurkwize yn de wedstriidkeuken te beoardieljen. Foar it iten sels binne fjouwer oare sjueryleden oansteld.
Poldervaart hat yn 2011 sels meidien oan de Bocuse d'Or.