Faker gjin jild foar útfeart

De gemeente Ljouwert moat hieltyd faker betelje foar begraffenissen. Wannear't neibesteanden net betelje kinne of wolle foar in grêf, soarget de gemeente dêrfoar. Yn Ljouwert is yn 2011 mar twa kear gebrûk makke fan in saneamd algemien grêf, mar ferline jier wie dat al fyftjin kear it gefal. De trend liket him troch te setten, want allinnich dit jier hat de gemeente al trettjin begraffenissen foar syn rekken naam. De oarsaak fan de taname is net bekend. Mooglik komt it troch de minne ekonomyske situaasje.
In algemiene begraffenis kostet de gemeente per kear 1700 euro. Omdat de gemeente Ljouwert hieltyd mear kosten hat, bestiet it risiko dat de tariven foar reguliere begraffenissen heger wurde. Op It Hearrenfean is ek in taname te sjen yn it tal begraffenissen dat de gemeente foar syn rekken nimt. Yn de gemeenten Smellingerlân en Súdwest-Fryslân is dat net it gefal.