Hûnen falle barchjes oan

05 aug 2013 - 18:30

In groep hûnen hat moandeitemiddei twa hingbúkswyntsjes oanfallen op It West yn Stynsgea. Tsjûgen seagen dat en warskôgen de plysje. Dy hat trije of fjouwert hûnen yn beslach naam. Ien fan de beide barchjes moast ôfmakke wurde, de oare is troch meiwurkers fan de biste-ambulânse fersoarge.

De barchjes en de hûnen binne eigendom fan deselde man. Hoefolle hûnen oft krekt meinaam binne, koe de plysje net sizze. It soe ûnder mear gean om in Staffordshire en in herdershûn.

Trefwurden: 
hûn baarch
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)