Gebroeders winne by Starum

05 aug 2013 - 17:42

De debutant Arend Wisse de Boer hat mei syn skûtsje De Twee Gebroeders moandei de IFKS-skûtsjesilerij by Starum wûn. De Boer promovearre yn 2011 fan de C- nei de B-klasse, en ferline jier fan de B- nei de A-klasse. Twadde op de Iselmar waard Jelle Talsma mei de Jonge Jan, folge troch Siebo Zijsling mei de Striidber.

De folchoarder dêrnei is: 4. Henk Regts, 5. Tony Brundel, 6. Geale Tadema, 7. Sikke Heerschop, 8. Michiel Kalsbeek, 9. Romke de Jong, 10. Erik Jonker. De nûmers 11 oant en mei 16 kamen bûten de tiid binnen.

De skûtsjes dy't bûten de tiid binnenkamen binne: 11. Kees van der Kooij, 12. Freddy van der Heide, 13. Robert de Jong, 14. Walter de Vries, 15. Jeroen de Vos, 16. Wietse Bandstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)