Plysjes mishannele yn Boalsert

© Omrop Fryslân
By in massale fjochtpartij sneontenacht yn Boalsert binne inkele plysjes skopt en slein. Nei in mishanneling yn in hoarekagelegenheid waard in 22-jierrige Boalserter oanholden. Hy gie mei nei de plysje-auto mar fersette him doe. In grut tal persoanen derom hinne, bemuoide him mei de oanhâlding en foelen de plysjes oan.
Der ûntstie in grutte fjochtpartij wêrby't plysjes skopt en slein waarden. In boarger dy't de plysjes holp, waard troch de groep yn elkoar slein.
Yn de gaos wist de 22-jierrige te ûntsnappen. Hy is letter thús ophelle. De plysje stelt in ûndersyk yn nei de identiteit fan de minsken dy't de plysjes oanfoelen en freget tsjûgen har te melden.