Keunstgebit stikken slein

22 jan 2012 - 15:15

In rûzje tusken twa groepen jongeren is sneontenacht op It Hearrenfean útrûn op in fjochtpartij. Dêrby waard in 25-jierrige ynwenner fan Nijhoarne sa hurd slein dat syn keunstgebit stikken rekke en syn bril ferlern gie.

De jongeren krigen spul yn in hoarekagelegenheid oan de Vleesmarkt. Ien fan de beide groepen waard derút set, mar even letter gie de rûzje op strjitte fierder. Dêrby waard de 25-jierrige Nijhoarnster mishannele. De plysje hat de saak yn ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)