Fytsedief pakt by stalling
De plysje hat sneontenacht in 23-jierrige Ljouwerter oanholden foar it stellen fan in fyts. In 19-jierrich famke út Ljouwert seach har stellen fyts yn de stalling op it Ruterskertier stean en warskôge de plysje.
Plysjes posten krekt salang by de stalling oant de 23-jierrige de fyts meinaam. De fertochte is oerbrocht nei it plysjeburo.