Follybalfroulju Snits ferlieze
De follybalfroulju fan Snits ha sneontejûn mei 3-1 ferlern fan koprinner Weert. Nei in min begjin kamen de Snitsers yn de twadde set knap werom. It wie de thúsploech út Weert dy't yn de tredde en beslissende fjirde set oan it langste ein luts. De setstannen wienen 25-16, 23-25, 25-23 en 25-20.
De Snitser froulju steane mei 15 punten út 12 wedstriden op in sechsde plak.