Nije bustiden yn Ljouwert

05 aug 2013 - 14:44

Nei de fakânsje feroarje in soad bustiden yn Ljouwert. Ien tsjinst ferfalt: bus 11 fan stasjon Camminghabuorren nei De Himrik. Yn plak dêrfan kinne reizgers mei bus 33 by it stasjon fan Ljouwert komme.

De ferbining mei de NHL wurdt better. Yn plak fan acht ride tenei tsien bussen yn de oere nei de hegeskoalle. Tusken Snits en Himmelum ferfalt de betiidste rit fan bus 45. Yn plak dêrfan riidt der earder op de middei in ekstra bus om skoalbern werom nei hûs te bringen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)