Sjoerd de Vries 4e yn nij pr

Sjoerd de Vries © awfoto.nl
Sjoerd de Vries helle yn Salt Lake City op de 1000 meter by de wrâldbeker hast in sekonde fan syn bêste tiid ôf. Mei in nije persoanlike toptiid fan 1.07.74 waard de Twellingeaster fjirde. Shani Davis wie de rapste yn 1.07.20, foar Denny Morrison yn 1.07.39 en Stefan Groothuis 1.07.45.
By de froulju gong de winst op de 1000 meter nei Christine Nesbitt yn 1.13.36, in baanrekôr. Ireen Wüst waard tredde yn 1.14.51. Marrit Leenstra ried mei in drege krusing dochs in persoanlik rekôr. Mei har 1.14.88 waard se sechsde.