Botsing motors by Winsum

05 aug 2013 - 10:57

In 53-jierrige motorrider út Snits is sneintemiddei ferwûne rekke by in botsing op de Froonackerdyk yn Winsum. De man seach te let dat de motorrider foar him stilstie en botste der tsjinoan.

Troch de klap kamen beide motorriders te fallen. De oare motorrider kaam mei de skrik frij. It slachtoffer út Snits is mei de ambulânse nei it sikehûs yn syn wenplak brocht.

Trefwurden: 
ûngelok motor Winsum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)