Oerterper bekent 22 ynbraken

05 aug 2013 - 10:26

In 43-jierrige man út Oerterp sit fêst om't er seker 22 kear ynbrutsen hat, wêrfan trije kear yn in tsjerke. De man is al op 8 july oanhâlden. De plysje yn Zutphen kaam de man op it spoar nei't er stellen sieraden te keap oanbean hie.

De Oerterper hat yntusken bekend dat er 22 kear ynbrutsen hat. Dat wie yn de Achterhoek en Salland. De man naam foaral sieraden, eletroanika en jild mei. Hy sit noch fêst yn ôfwachting fan syn rjochtsaak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)