Besmette pleats Tsjom romme

05 aug 2013 - 09:52
  • Pikepleats by Tsjom wurdt romme
  • Pikepleats by Tsjom wurdt romme
  • Pikepleats by Tsjom wurdt romme
  • Ferfiersferbod fanwege romming besmette pleats

Yn Tsjom is moandeitemoarn begûn mei it romjen fan de 9000 hinnen. Op in biologysk lishinnebedriuw bruts ein ferline wike fûgelgryp út. Om foar te kommen dat de mylde fariant fan de fûgelgryp oergiet yn in gefaarlike fariant, moatte de hinnen dea ôffierd wurde.

It wurk wurdt dien troch spesjalisearre bedriuwen út ûnder oare Brabân. It fergasjen wurdt dien neffens de saneamde 'big bag'-metoade. Dêrby wurde hinnen yn in grutte sek dien en fergasse. In bistedokter sjocht ta oft dat op in dierfreonlike wize dien wurdt.

It wurk duorret nei alle gedachten noch de hiele dei.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)