De Jong: 'Swinkels mei fuort'

Reservekeeper Ruud Swinkels fan Sportklup Cambuur mei no al omsjen nei in oare klup. Swinkels kaam dizze simmer oer fan PSV, mar hy ferlear de striid om earste keeper by Cambuur te wurden. Leonard Nienhuis krijt de foarkar en dêr is Swinkels bepaald net bliid mei.
Assistint-trainer Henk de Jong: 'Swinkels is no 26 jier en wol perfoarst ûnder de latte stean by in klup. Dat slagget hjir net en oan in ûntefreden spiler ha wy neat. As wy noch in oare keeper fine, mei hy fuort.'