Sina:Frysk molkpoeier te djoer

04 aug 2013 - 12:57
  • Logo FrieslandCampina

De Sineeske autoriteiten ûndersykje oft Europeeske bedriuwen as FrieslandCampinba, Nestlé en Danone ek te hege prizen rekkenje foar harren molkpoeier foar poppen. Dit hat it Sineeske parseburo Xinhua snein bekend makke. Neffens it Sineeske regear hawwe de bûtenlânske molkpoeierprodusinten de prizen opdreaun troch ûnderling minimumferkeapprizen ôf te praten. Guon fan de produsinten soene neffens Xinhua sels al tajûn hawwe dat se yn striid mei de regels hannele hawwe.

Bûtenlânske suvelprodukten binne yn Sina hiel djoer.

De prizen soene sûnt it skandaal mei fersmoarge Sineeske molkpoeier yn 2008 sa'n 30 persint omheech gien wêze. In wurdfierder fan FrieslandCampina woe snein gjin kommentaar jaan, omdat it ûndersyk nei de mooglik te hege prizen noch rint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)