Helmholt wint nije kompetysje

04 aug 2013 - 12:52
  • It poadium fan it fierljeppen yn Linschoten

De earste nasjonale fierljepkompetysje is wûn troch Bart Helmholt. Yn Linschoten pakte de Burgumer de winst mei 20.76, foar Jaco de Groot (20.46) en Rian Baas (nij pr. 20.29). Helmholt waard earder twadde yn Burgum en Jaarsveld, en wûn yn Winsum. Yn it einklassemint waard Jaco de Groot twadde, en Thewis Hobma tredde.

By de manlju oant 18 gie de titel nei Erwin Timmerarends. Bobby Zwaagman waard yn de einstân twadde, mar wûn sneon mei in pr. fan 18.96. Wendy Helmes wûn by de froulju, foar Hilianne van der Wal út Noardburgum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)