Lêste dei aksje Radio Middelsé

04 aug 2013 - 10:44

Twa meiwurkers fan Radio Middelsé binne snein yn Stiens dwaande mei har lêste dei fan in aksje foar Serious Request. De twa lieten har moandei opslute yn in glêzen hûs en hoopje dat oant sneintejûn sân oere fol te hâlden. Yn de tuskentiid hawwe se radio makke. De twa lieten har de ôfrûne wike sponsorje. Se krigen ûnder oare help fan in grutte telefoanoanbieder út Amsterdam, dy't fergees ynternet beskikber stelde.

In bedriuw út Hilversum soarge foar gratis jingles. Wat de aksje opbringt is noch net dúdlik, dat wurdt by de ôfsluting bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)