Plysje pakt twadde fertochte

04 aug 2013 - 08:50
  • De arrestaasje fan de twadde fertochte op It Hearrenfean

De plysje hat sneintemoarn op It Hearrenfean in twadde fertochte oanhâlden fan it ynriden op plysjes. It ynsidint wie sneontemoarn betiid op It Hearrenfean. Doe't plysjes in auto mei twa manlju kontrolearje woene, ried de bestjoerder op har yn. Omdat de plysjes har dêrtroch sa bedrige fielden skeaten se op de auto. Dy koe ûntkomme, mar waard letter leech werom fûn.

De plysje begûn dêrop in grutte sykaksje, mei as resultaat dat op de neimiddei in earste fertochte oanhâlden wurde koe. It giet om in 26-jierrige man út Roemenië.

Ek de twadde fertochte komt út Roemenië, it giet om in 35-jierrige man. Hy koe oanhâlden wurde op de Marktweg op It Hearrenfean, nei in tip fan in foarbygonger. Dy herkende de fertochte oan it sinjalemint dat de plysje fan him ferspraat hie. By de oanhâlding waard de fertochte biten troch in plysjehûn. De plysje wit noch net wêrom't de twa sneontemoarn op It Hearrenfean wiene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)