Pieter Weening wint Poalen

Pieter Weening © ANP
Pieter Weening is de winner wurden fan de Ronde fan Poalen. Yn de ôfslutende tiidrit oer 37 kilometer ried er sneon 'de klinkerts út 'e dyk'. De tiidrit waard wûn troch Bradley Wiggins, foar Fabian Cancellara. Pieter Weening waard op 1 minút en 44 sekonden kreas sechsde yn de rit tsjin de klok. Mei dy útslach klom er fan it fiifde nei it earste plak.
Yn de einstân waard de Spanjert Jon Izagirre Insausti twadde, de Frânsman Christophe Riblon tredde.