Rutte even by de Snitswike

De Snitswike © ANP
Premier Rutte bringt sneontemiddei in besite oan de Snitswike. Hoewol't der oan it begjin fan 'e middei troch de hurde wyn gjin wedstriden wiene, hat Rutte dochs even fearn. Mei wethâlder Leo Pieter Stoel fan de gemeente Súdwest-Fryslân en in bemanningslid fear er yn in boat fan it type G2. Om foar te kommen dat de boat omsloech, moast Rutte flink bûtenboard hingje.
Rutte bliuwt net de hiele middei by de Snitswike, omdat er ek noch oare ferplichtings hat.