SC Cambuur klear foar debút

03 aug 2013 - 12:38

SC Cambuur is klear foar it debút yn de earedivyzje. Sneintemiddei om healwei ienen komme de Ljouwerters nei 13 jier werom op it heechste nivo. Tsjinstanner is NAC Breda. Der binne foar dizze wedstriid 8800 kaarten ferkocht, mar de kassa's binne sneintemoarn noch iepen. Trainer Dwight Lodeweges woe sneon noch gjin opstelling priis jaan. 'Dat wil ik eerst met de spelers bespreken', sa sei hy nei de lêste training.

Bart van Brakel sil seker net spylje. Hy is licht blessearre. Dúdlik is wol dat Leonard Nienhuis de earste keeper is.

Cambuur spilet nei alle gedachten yn de folgjende opstelling: Nienhuis, Droste, Leeuwin, Van der Laan, Bijker; Bakker, Dijkstra, Van Moorsel; Schokker, Barto, Feldballe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)