Hinnen wurde moandei romme

03 aug 2013 - 11:54

De hinnen fan it plomfeebedriuw yn Tsjom dêr't fûgelgryp útbrutsen is, wurde moandei romme. Dat wurdt dien troch meiwurkers fan de Voedsel- en Warenautoriteit. By it biologyske hinnebedriuw oan de Frjentsjerterwei waard in mylde fariant fan de sykte fûn. Nei alle gedachten giet it om de H7-fariant. De besmetting kaam oan it ljocht by rûtinekontrôles, dy't geregeld dien wurde by bedriuwen dêr't de hinnen yn in loop bûten rinne.

Dat makket de kâns op besmetting troch wylde fûgels grutter.

De aaien fan it bedriuw dy't al yn de winkels lizze, hoege net weromhelle te wurden omdat de aaien net besmet binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)