Minder besikers op Rôggefeest

It Rôggefeest op It Amelân hat freed troch de grutte waarmte minder besikers lutsen as oars. It jûnsprogramma waard wol goed besocht. Freed waard it strjitfestival foar de 27ste kear hâlden. Gewoanwei lûkt it festival sa'n 12.000 besikers. Ekstra maatregels fanwege de waarmte wiene net nedich, mar goed foar it programma wie it net, neffens foarsitter Yme Brijker.
Dat it feest minder besikers luts is opfallend, want It Amelân luts freed sels wol in soad minsken fanwege it moaie waar.