Thialf offisjeel yn berop

02 aug 2013 - 21:36

Thialf tekenet offisjeel berop oan tsjin it beslút fan de KNSB en sportkoepel NOC*NSF om Almere as nij nasjonaal reedrydsintrum oan te wizen. Thialf wie dêr ek kandidaat foar lykas TranSportium yn Zoetermeer. Ek dat konsortium tekenet berop oan.

KNSB en NOC*NSF sille de beswieren fan beide partijen no bestudearje en ynkoarten witte litte wat de útkomst dêrfan ís. Thialf en Zoetermeer fine dat it tawizen fan de topsportstatus allinnich mar bard is omdat Almere in rjochtsaak oanspande en wûn tsjin KNSB en NOC*NSF.

Trefwurden: 
Thialf reedriden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)