Lyts seegers Waadsee seldsum

02 aug 2013 - 20:49
  • Oanplanting fan nij seegers

Ien fan de grutste fjilden mei lyts seegers yn de Waadsee is dit jier mei de helte werom rûn. De soart wie earder lykas it grut seegers hiel algemien yn de Waadsee mar is no behoarlik seldsum wurden. Lyts seegers is net in opfallende soart, it groeit yn pôltsjes yn de see. Meiwurkers fan it ministearje fan ekonomyske saken, dy't it lyts seegers al fjouwer jier yn kaart bringe foel op dat it fjild by Skylge dit jier folle lytser wurden is. Hoe't dat kin is net dúdlik. Mooglik dat it winterwaar der mei te krijen hat. Lyts seegers is kwetsber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)