Spoarbrêge Ljouwert stikken

02 aug 2013 - 16:02

It treinferkear tusken Ljouwert en Hurdegaryp lei der freed lang út om't de Greunsbrêge yn Ljouwert stikken wie. De brêge wie útset troch it waarme waar en woe net mear ticht. Arriva sette bussen yn tusken Ljouwert en Hurdegaryp. Monteurs fan ProRail hawwe de brêge kuolle. Tsjin healwei seizen wie de steuring wer oer.

Ek treinreizgers tusken Ljouwert en Zwolle moatte rekken hâlde mei fertraging. Tusken Meppel en Steenwijk ride gjin treinen om't ek dêr in spoarbrêge stikken is.

Dizze steuring is nei alle gedachten ek om seis oere ôfrûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)