Hynstefeiling Boyl op ynternet

02 aug 2013 - 15:19

Hynsteleafhawwers út de hiele wrâld kinne op 13 augustus op ynternet live meibiede op de hynstefeiling fan HBC Stâl yn Boyl yn Weststellingwerf. Ek de presintaasje fan de hynders dy't te keap binne op 7 augustus wurdt oanbean yn in saneamde livestream.

Wa't fia ynternet meibiede wol, moat wol yn't foar in bankgarânsje regelje foar it bedrach dat ynvestearre wurdt. HBC Stâl yn Boyl hannelet al sa'n 40 jier yn sawol rydhynders en túchhynders en is ynternasjonaal oriïntearre. De livestream is bedoeld as service foar de klanten yn it bûtenlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)