Topdrokte foar It Amelân

02 aug 2013 - 12:26

Rederij Wagenborg set freed alle oeren sa'n tûzen minsken oer nei It Amelân. Guon fan dy badgasten moatte wol geduld opbringe. De boat fan healwei alven hie fierstente min plak foar alle Amelângongers. De rederij besiket dit op te lossen troch ekstra boaten farre te litten. Njonken it moaie waar lûkt ek it tradisjonele Rôggefeest in soad minsken nei It Amelân. Neffens de Amelanner VVV is 2 augustus fierwei de drokte dei op it Amelân fan dit seizoen.

Rederij Doeksen set ek ekstra fearboaten yn foar it ferfier nei Flylân en Skylge.

Trefwurden: 
Amelân Wagenborg topdrokte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)