Snitser ûnderút mei scooter

De plysje dwaande mei it ûndersyk nei it scooterûngelok © Jan Douwe Gorter
In 29-jierrige Snitser is tongersdeitejûn ferwûne rekke, nei't er mei syn scooter fallen wie op de Drylsterkade yn Snits. De man is troch de traumahelikopter mei mooglik harsensletsel nei it Antoniussikehûs yn Snits brocht.
De plysje ûndersiket de oarsaak fan it ûngelok. Mooglik hie de man dronken.