Soad kij komme nea bûtendoar

02 aug 2013 - 11:03

Troch de skaalfergrutting hâlde hieltyd mear boeren harren kij leaver binnendoar. Dat soe neffens harren goedkeaper wêze. No stiet noch in tredde part fan de kij simmerdeis binnendoar, dat driget twa tredde te wurden.

Ut ûndersyk docht lykwols bliken dat it foar boeren finansjeel ynteressant wêze kin om de kij wol nei bûten te stjoeren. Se moatte dan wol oan guon betingsten foldwaan, lykas in goed plan foar it bedongjen en beweidzjen fan it lân. De Dairy Campus yn Ljouwert hat hjir ûndersyk nei dien en kin boeren hjiroer advisearje.

Suvelkoöperaasje Friesland Campina sjocht graach dat de boeren de kij wol nei bûten stjoere. Harren oprop liket oant no ta net al te folle fertuten te dwaan.

Trefwurden: 
kij Dairy Campus
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)