Frachtwein botst op auto's

Yn Boalsert botste in frachtwein op twa auto's © Rudy Bouma
Yn Boalsert is freedtemoarn foar de Krúswetterbrêge in frachtwein op in file botst. De auto's stiene te wachtsjen foar de iepensteande brêge. By it ûngelok wienen meardere auto's belutsen. Twa minsken rekken ferwûne. De slachtoffers wiene oansprekber en sieten net bekneld. It is noch net bekend hoe slim de ferwûnings krekt binne.
Nei de oarsaak fan it ûngelok wurdt ûndersyk dien. Fanwege it ûngelok hat de A7 in skoft ôfsletten west foar it ferkear. De brêge en de autodyk binne nei in pear oeren wer frijjûn.