Cambuur hiert Lukoki fan Ajax

02 aug 2013 - 09:46

It is SC Cambuur yndie slagge om Jody Lukoki foar ien jier te hieren fan Ajax. De Amsterdamske klup hat freed befestige dat de twa klups it iens wurden binne. Lukoki kin by Ajax net op in soad fuotbalminuten rekkenje yn it earste alvetal en liet wite wol nocht te hawwen oan in seizoen by Cambuur. Lukoki sit snein by de earste kompetysjewedstriid, thús tsjin NAC Breda, op de bank.

Lukoki traint freedtemoarn al mei de seleksje fan Dwight Lodeweges mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)