Gaswinning by Ried fan Steat

Tsjinstanners fan de gaswinning yn de Waadsee hawwe tongersdei besocht de Ried fan Steat derfan te oertsjûgjen dat de fluggere gaswinningsplannen net trochgean moatte. De minister fan Ekonomyske Saken hat de NAM dêrfoar tastimming jûn. Neffens it ministearje en de NAM leveret de fluggere gaswinning gjin grutte risiko's foar de feilichheid en it miljeu op.
De tsjinstanners binne wol bang foar folle mear boaiemdelgong en skea oan it Waadgebiet. De Ried fan Steat docht oer in pear wike útspraak.
De tsjinstanners fine de finansjele ûnderbouwing fan de NAM net oertsjûgjend en tinke dat de minister him blyn stoarret op de opbringsten fan it gas.