Plysje tefreden oer PC

© ANP
De plysje is tefreden oer de PC-dei, woansdei yn Frjentsjer. Der waarden mar in pear minsken oanhâlden. De opfallendste oanhâlding wie de 44-jierrige Belch, dy't neaken it fjild oer draafd wie. Hy waard meinommen nei it buro en krige in bekeuring fan 210 euro. Fjouwer oare minsken waarden oanhâlden foar it brûken fan drugs en mishanneling.
Mei-inoar 27 minsken waarden op 'e bon slingere foar pisjen bûtendoar. By de alkoholkontrôle dy't de plysje op de útfalswegen fan de stêd hâlde waarden fjouwer bestjoerders trapearre.