Swimferbod foar De Vleyen

01 aug 2013 - 15:26
  • Blau-alch

Der jildt fan hjoed ôf in swimferbod foar De Vleyen op It Amelân. Earder wie der al in warskôging fan blau-alch foar dat plak. Omdat de kâns op sûnensklachten op 't heden heech is, jildt der no in negatyf swimadvys. Dat stiet mei buorden oanjûn.

De warskôging foar blau-alch by it swim- en surfsintrum yn Balk is ynlutsen. Dêr kin wer feilich swommen wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)