Gemeente Ljouwert ûnberikber

It stedskantoar fan de gemeente Ljouwert is op it stuit ûnberikber. De telefoan- en de ynternetferbinings lizze derút. Earder waard sein dat minsken dy't wat besteld hawwe, lykas in paspoart of rydbewiis dat gewoan ôfhelje koene, mar dat is no ek net mear mooglik.
De gemeente hopet dat de steuring jûn foarby is. It kantoar is jûn ek iepen. Minsken dy't in paspoart oanfrege hawwe en dy't gau op reis gean, kinne it wol ophelje. In nij paspoart oanfreegje kin net.
De oarsaak fan de steuring leit nei alle gedachten by de software dy't op de server draait.