Ferwûne by ûngelok Earnewâld

01 aug 2013 - 12:29

By Earnewâld is tsjin tolve oere in ûngelok bard dêr't trije auto's by belutsen binne. It ûngelok barde op de Feantersdyk by sylskoalle De Twirre. Der is ien persoan ferwûne rekke. Dy siet net beknipe. In twadde persoan is út foarsoarch ek meinommen nei it sikehús. De plysje ûndersiket de tadracht fan de oanriding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)