Mear oanmeldings hegeskoallen

01 aug 2013 - 12:12

De trije hegeskoallen yn Fryslân hawwe in kwart mear oanmeldings as ferline jier. De NHL, Stenden en Van Hall Larenstein litte allegearre in taname sjen.

Troch de ûnwissens om de stúdzjefinansiering hinne wurdt faker in oplieding foar kar naam. Minsken binne benaud dat se gjin finansiering mear krije, as se no net mei in stúdzje begjinne. Boppedat kieze in soad ôfstudearre MBO-er's foar it HBO, om't se gjin baan fine kinne.

Trefwurden: 
hegeskoallen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)