Fryske gegevens helpe skries

Fryske gegevens hawwe in belangryke rol spile by de beskerming fan de skries yn Frankryk. Frânske fûgelbeskermers binne mei gegevens út Fryslân wei nei it ministearje gien om foar beskerming fan de skries te pleitsjen. Jagers yn Frankryk meie de kommende fiif jier net op skriezen jeie. It giet om in ferlinging fan it al besteande ferbod út 2008. Dat giet hjoed op 'e nij yn.
In jachtferbod is yn Frankryk belangryk, omdat dêr oars in soad skriezen delsketten wurde.