Kontrôle op en by it wetter

Wetterplysje (stockfoto) © Omrop Fryslân
De wetterplysje hat op 'e Iselmar by Makkum en yn it kanaal tusken Makkum en de Iselmar ferskate hurdfarders kontrolearre. Ien skipper krige in bekeuring foar it ûntbrekken fan in registraasjenûmer en ien foar it net hawwen fan in swimfest.
Fierders waarden yn de omkriten fan Earnewâld ferskate fiskers kontrolearre. Dy hiene alles goed foarinoar. Dêrom hoegden gjin boetes útskreaun te wurden. En op it Prinses Margrietkanaal is de plysje dizze dagen dwaande om wettersporters derop oan te sprekken dat se rjochts oanhâlde moatte op it kanaal.